Mear wurk troch Pontjesbrug

© Omrop Fryslân
De restauraasje fan de wrâldferneamde Pontjesbrug yn Willemstad liket foar it Harns-Warkumer bedriuw De Boer en De Groot de iepening nei mear grutte bûtenlânske projekten. It bedriuw hie it ôfrûne heal jier de lieding by de restauraasje fan de brêge dy't op de UNESCO-wrâlderfguodlist stiet.
It projekt wie it earste bûtenlanske projekt foar it bedriuw. Neffens direkteur De Boer is der no ek ek belangstelling út oare lannen.