Ploeg ferbaasd oer útspraak Zalm

20 feb 2006 - 16:38

Deputearre Ploeg is tige fernuvere oer de útspraken fan minister Zalm fan Finânsjes. Dy sei snein yn it programma Buitenhof dat 62 gemeenten tefolle ûnreplik saak belesting (ozb) heffe. Zalm rôp de ynwenners fan dy gemeenten op de belesting net te beteljen.

Yn Fryslân soe it gean om Flylân, Tytsjerksteradiel, Kollumerlân en Skarsterlân. Neffens deputearre Ploeg is der neat oan de hân en giet it om in ferkiezingsstunt fan de VVD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)