Wurkbesite oan Deurne giet oer

© Omrop Fryslân
De wurkbesite fan de gemeente Smellingerlân oan Paardenstad Deurne giet oer. Direkteur Dolstra fan it Frysk Kongressintrum yn Drachten hie de besite organisearre om te sjen hokker saneamde 'paard-gerelateerde' aktiviteiten dêr organisearre wurde.
Riedsleden hiene oanjûn dat se problemen hiene mei de plende besite. Neffens har is it in snobbersreiske. Dolstra seit dat sy de ynhâld net fan de persoan skiede kinne.