OZB-kwestje ek yn Fryslân

© Omrop Fryslân
Boargemaster Bilker fan Kollumerlân is lilk op minister Zalm fan Financiën. Dy sei yn Buitenhof dat 62 gemeenten tefolle ûnreplik saakbelesting (ozb) heffe.
Kollumerlân soe ien fan dy gemeenten wêze, lykas Skarsterlân, Flylân en Tytsjerksteradiel. Zalm ropt ynwenners fan de gemeenten op om net te beteljen. Bilker ûntkent dat de tariven heger binne as tastien. Ek oare gemeenten binne har fan gjin kwea bewust.