Winst en ferlies haadklassers

© Omrop Fryslân
De fuotballers fan Snits ha snein in drege oerwinning behelle op HSC. Snits kaam achter tsjin de besikers, mar wist fia Inne Schotanus, Age Hains Boersma en Klaas Schotanus op 3-1 te kommen. Uteinlik makke HSC noch 3-2, mar Snits koe de oerwinnig thúshâlde. Snits stiet no tredde yn de haadklasse.
De Jouwer ferlear yn deselde klasse mei 3-0 fan WSV. Troch it ferlies rekket De Jouwer noch net echt út de gefaresône.