Min begjin foar Arend Glas

19 feb 2006 - 14:06

Bobslider Arend Glas fan De Jouwer is de Olympyske striid yn de twamans bob min begûn. Mei remmer Sybren Jansma fan De Pein einige Glas yn de earste run op it 22e plak. Glas makke in stjoerflater, dy't in soad tiid koste. Yn de twadde run gie it wat better. Glas en Jansma einigen dêryn as 20e. Dat is ek de klassearring nei twa runs. Snein binne de lêste twa runs. Allinnich de bêste 20 bobbers dogge mei oan de fjirde en lêste run.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)