ONS Snits wint fan WHC

© Omrop Fryslân
Koprinner yn de haadklasse, ONS Snits, hat sneontemiddei mei 3-1 wûn fan WHC út Wezep. ONS kaam yn de earste helte mei 0-1 efter. Nei rêst makke Nico de Jong de lykmakker. Rudi Man skoarde de 2-1 en Ton Haarman soarge foar de 3-1.
Harkemase Boys spile yn Hardenberg tsjin HHC. De Harekiten kamen net fierder as in 2-2 lykspul. Drachtster Boys spile thús tsjin ACV út Assen. De Drachtsters ferlearen dizze wichtige wedstriid mei 2-1.