Utslach ferkiezings fia sms

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Smellingerlân kinne de útslach fan de ferkiezings yn dy gemeente fia sms fernimme. Wa't him foar 7 maart 19.00 oere oanmeldt, krijt de útslach op syn mobile telefoan te sjen, sa gau't dy bekend is.
It is foar it earst dat Smellingerlân dit docht. De gemeente neamt it ek in eksperimint. It kostet de minsken dy't meidogge trouwens neat.