Man krijt rydferbod fan 12 oeren

18 feb 2006 - 15:27

De plysje hat in 27-jierrige ynwenner fan Frjentsjer freedtejûn in rydferbod fan tolve oeren jûn. De plysje hie in melding krigen dat op de grutte dyk fan Marsum nei Frjentsjer in auto tsjin de fangrail oansitten hie.

Doe't de bestjoerder fûn waard, krige er in blaastest. Dêrút die bliken dat er net dronken hie. Omdat de man net hielendal helder oerkaam, is syn bloed kontrolearre. De útkomst wie reden him in rydferbod fan 12 oeren te jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)