Oanriding by De Hommerts

18 feb 2006 - 14:25

In 20-jierrige autobestjoerster fan Snits is freed by De Hommerts ferwûne rekke by in ûngelok. De frou woe linksôf slaan, mar seach net dat der krekt in bus oankaam. Dy rekke de sydkant fan de auto.

De bestjoerster fan de auto klage oer pine yn de holle en is nei it sikehûs brocht. Se koe nei behanneling wer nei hûs. De auto rûn swiere skea op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)