Frou mei mes bedrige
Yn Snits is sneintejûn in 58-jierrige man oanhâlden foar bedriging fan in frou mei in mes. Dat soe er dien hawwe yn syn hûs oan de Prins Hendrikkade. De 26-jierrige frou warskôge de plysje en dy hat de man meinaam nei it buro.
De reden fan de bedriging is noch ûndúdlik. De plysje hat de saak yn ûndersyk.