"Noch mear dwaan tsjin CO2"

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert moat better syn bêst dwaan om de CO2-útstjit yn de takomst oan te pakken. Dat seit wethâlder Marga Waanders. Se die dy útspraak freed by in gastkolleezje dat yn it Van Hall Ynstituut yn Ljouwert. It kolleezje gie oer duorsume enerzjy.
Ferskate tsjinstauto's fan de gemeente Ljouwert ride al op plantaardige oalje en der binne wykprojekten wêrby minsken der op wiisd wurde hoe't se enerzjysuniger libje kinne.