Tryater warskôget foar 'Gasten'

18 feb 2006 - 13:14

Tryater sil alle besikers fan it stik Gasten in brief stjoere. Op dizze wize wol it teaterselskip de minsken yn't foar warskôgje foar it somtiden skokkende karakter fan de foarstelling. Ek it stik sels is oanpast.

By de try-outs rûnen tsientallen taskôgers lilk de seal út. Se skrokken fan ûnder oaren it groffe taalgebrûk en de útbundige sekssênes. Tryater tinkt dat it affyzje it publyk op 'e ferkearde foet setten hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)