Wer bedriuw derby yn De Tille

18 feb 2006 - 12:40

Der komt mooglik in taksybedriuw op bedriuweterrein Oastkern yn Koatstertille. Der hat de ôfrûne tiid in soad te dwaan west oer de ynfolling fan it bedriuweterrein. Omdat der hieltyd mear bedriuwen komme, wurdt it ek drokker op de Alde Dyk, de iennichste dyk dy't derhinne rint. Dy giet dwers troch it doarp hinne.

Pleatslik Belang hat de gemeente al frege wat te dwaan oan de ûnfeilige dyk. In soad bern moatte dy oerstekke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)