Ljouwert komt mei hurde oanpak

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert sil yn de takomst mooglik hurder optrede tsjin minsken dy't yn in reyntegraasjeprojekt sitte, mar har net hâlde oan de ôfspraken. It giet dan om minsken dy't fia de sosjale tsjinst oan it wurk binne, mar noch al har útkearing hawwe. In oanpak kin wêze dat de helte fan de útkearing ynhâlden wurdt as minsken net op it wurk komme.
Der besteane al sanksjes, mar neffens wethâlder Van Mourik binne dy net effektyf genôch.