Stroomstoaring by Sint Nyk

18 feb 2006 - 12:39

Twa grutte needaggregaten hawwe freed stroom levere yn Sint Nyk. It doarp en de omjouwing siet fan sân oere moarns oant twa oere middeis sûnder stroom. Om tsien oere siet it der wer eefkes op, mar in oere letter wie it wer mis.

It probleem siet him yn in kabel flakby de grutte dyk by Eastersee. Stroomleveransier NUON hie de liedingen omlein, mar foar Sint Nyk holp dat net. Om twa oere middeis wie der wer stroom troch de aggregaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)