Cambuur spilet lyk tsjin Zwolle

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freedtejûn foar de alfde kear dit seizoen gelyk spile. De Ljouwerters kamen net fierder as in 0-0 stân tsjin FC Zwolle.
Cambuur ferspile dêrmei twa punten, want foaral yn de twadde helte wiene der grutte kânsen op de oerwinning. Mar Hooyboer, Hofman, Pique en Karim krigen de ballen der net yn. Cambuur stiet no op in 15e plak yn de earste divyzje mei 32 punten. Excelsior bliuwt oan de lieding mei 58 punten.