Ferlies foar jonge Feansters

© Omrop Fryslân
De fuotballers fan Jong Heerenveen hawwe tongersdei ferlern fan Jong Feijenoord. Yn Rotterdam waard it 2-1 foar de thúsploeg.
De Feansters kamen earst op efterstân. Lasse Schön makke de gelykmakker foar Jong Heerenveen. Ien minút foar tiid makke Feijenoord-spits Resham Sardam lykwols de winnende treffer. Moandei moat Jong-Heerenveen wer oan de bak. Yn it Abe Lenstra-stadion is Jong Ajax dan de tsjinstanner.