Vandenbussche langer by H'fean

17 feb 2006 - 14:11

Keeper Brian Vandenbussche syn kontrakt by sportclub Hearrenfean is mei twa jier ferlingd. De Belgyske doelman hie in opsje yn syn kontrakt en de club hat gebrûk fan dy opsje om it kontrakt te ferlingen.

Vandenbussche kaam yn 2004 oer fan Sparta. Troch in langduerige blessuere fan Boy Waterman spile hy ferline jier 29 wedstriden. Ek oan it begjin fan dit seizoen rekke Waterman blessearre, wêrtroch Vandenbussche op goal stiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)