Biltdiken net by Nij Altoenae

© Omrop Fryslân
De Biltdiken bûten Nij Altoenae komme definityf net by dat doarp te hearren. De gemeenteried fan it Bilt nimt dêrmei de útslach fan it referindum oer dat ferline wike hâlden waard.
70 persint fan de bewenners fan dat gebiet spruts deryn út dat se gjin oansluting by Nij Altoenae wolle. It gebiet binnen de buorden fan Nij Altoenae wurdt wol in selsstannich doarp. De nije doarpsstatus wurdt op 1 oktober ynfierd.