Kramer en Verheijen ûnderút

17 feb 2006 - 10:02

Troch in dramatyske falpartij hat de Nederlânske manljusploech tongersdei de kâns op goud ferspile op it ûnderdiel efterfolging. Sven Kramer stapte op in blokje en gie yn 'e bocht ûnderút. Hy naam yn syn fal Carl Verheijen mei. Allinnich Erben Wennemars foel net.

Op it stuit fan 'e fal hie Nederlân in foarsprong op tsjinstanner Italië. Nederlân hat noch wol kâns op brûnzen medalje, mar dat is minder as dêr't op hope wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)