Skeafergoedings foar Baai Grou

© Omrop Fryslân
De gemeente Boarnsterhim betellet 490.000 euro skeafergoeding oan 18 húshâldens yn de Grouster wyk De Baai. De minsken krije in skeafergoeding omdat harren huzen bod binne op fersmoarge grûn, wylst de gemeente in skjinnegrûn-ferklearring ôfjûn hie.
Omdat de provinsje doedestiis ferantwurdlik wie foar it skjinmeitsjen fan 'e grûn, soe de provinsje meibetelje moatte oan de skeaklaim, sa fynt de gemeente.