Cambuur foarmet fêst nij alvetal

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub Cambuur praat ynkoarten mei de spilers dy't se hâlde wolle en mei nije dy't foar it kommende seizoen oanlutsen wurde. Dat is opmerklik want noch hieltyd is net dúdlik oft de klub bestean bliuwt. De grutte finansjele problemen binne noch lang net oplost.
Om't it allegear sa lang duorret, hat manager fuotbalsaken en trainer Roy Wesseling dochs grien ljocht krigen om in nije alvetal gear te stallen foar it seizoen 2006-2007.