Jongerein frijt gauris ûnfeilich

© Omrop Fryslân
Fryske jongerein frijt gauris ûnfeilich, jonges fine homoseksualiteit 'fiis' en famkes wurde te maklik oerhelle om dingen te dwaan dêr't se net oan ta binne. Dat binne in pear fan de wichtige útkomsten fan in ûndersyk oer seksualiteit yn Fryslân.
It ûndersyk is dien troch Partoer ûnder 100 jongeren út de Wâlden. Der komt no in aksjeplan foar de provinsje oer hoe't jongeren better ynformearre wurde kinne oer seks.