Hinnen en einen yn hokken

© Omrop Fryslân
Alle hinnen, einen en oare wetterfûgels moatte sa gau mooglik ophokt wurde. Dat hat minister Veerman fan lânbou bepaald yn ferbân mei de driging fan fûgelgryp.
Fan moandei ôf is elkenien strafber dy't syn plomfee noch bûten rinne lit. De minister is bot skrokken fan de fûgelgryp dy't sa tichtby oantroffen is by acht deade swannen yn Dútslân. Twa dêrfan binne wis besmet. Ek tentoanstellings en shows mei sierfûgels binne ferbean.