Azc Appelskea krijt nije funksje

16 feb 2006 - 12:19

It eardere azc yn Appelskea wurdt fan takom wike ôf in oriïntaasje- en ynboargeringslokaasje. Der komme flechtlingen dy't noch yn ôfwachting binne fan in beslút oer har ferbliuw yn Nederlân.

Ofhinklik fan de útslach krije de asylsikers op ferskate wizen begelieding. Of se wurde stipe by har ynboargering yn Nederlân, of se krije stipe by it weromgean nei har heitelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)