Sonac mei ek yn wykein wurkje

© Omrop Fryslân
Destruksjebedriuw Sonac yn Sumar krijt tastimming fan de provinsje om tenei ek yn it wykein te wurkjen. De provinsje docht dat om't Sonac de geuroerlêst foar omwenners foar it grutste part omleech krigen hat.
Dêrneist past it wykeinwurk ek by de nije fergunning dy't Sonac oanfrege hat. De provinsje hat ek de útkomsten fan it twadde telefoansyke leefberensûndersyk foar omwenners meinommen yn it beslút.