Arend Glas hat lichte blessuere

© Omrop Fryslân
Bobslider Arend Glas fan De Jouwer hat lêst fan in blessuere oan syn rêchspieren. Dy hat er oprûn by it treningskamp yn Sankt Moritz, flak foar de Olympyske Spelen. Glas giet er fanút dat er sneon by de Spelen normaal starte kin yn de earste run fan de twamansbob.
Mooglik dat er in pynstiller nimt. De sfear yn it bobteam fan Glas is poerbêst. Se binne wol klear foar de wedstriden.