Krityk op UMTS-antennes Goutum

© Omrop Fryslân
Telekomoanbieder Vodafone moat op de fingers tikke wurde foar it pleatsen fan umts- en gsm-antennes yn Goutum. Dat fynt de riedsfraksje fan Pal/GrienLinks yn Ljouwert.
De antennes binne koartlyn op heechspanningsmêsten yn Goutum delset. Dêrtroch is gjin boufergunning nedich. Omwenners binne der net bliid mei om't de mêsten sawat fjirtich meter fan de hûzen ôfstean. Der binne fragen oer mooglike sûnensrisiko's.