Enkête besikers Boot Holland

© Omrop Fryslân
Oan de fêste wâl moatte mear foarsjennings komme foar wettersporters. Dat docht bliken út in enkête fan de VVD-steatefraksje ûnder besikers oan Boot Holland. Hast 1300 minsken ha dy enkête ynfold.
In foarstel fan de VVD om te kommen mei in Fryslân-pas foar wettersporters waard ek goed ûntfongen. Mei sa'n pas soene je troch brêgen farre kinne, mar ek fergees in museum yn kinne.