Start digitaal oanjefte dwaan

© Omrop Fryslân
Fan woansdei ôf is it mooglik om fia ynternet oanjefte te dwaan by de plysje Fryslân. Woansdeitemoarn waard it digitaal oanjefte dwaan offisjeel yn gebrûk naam troch korpssjef Foeke Wagenaar.
Oanjefte dwaan fia ynternet sil 24 oeren deis en sân dagen yn de wike mooglik wêze. De plysje hopet dat de drompel foar minsken om op ynternet oanjefte te dwaan sa lytser wurde sil. Sjoch op www.politie.nl.