Minder nije hûzen yn Fryslân
Yn Fryslân wurde dit jier folle minder hûzen boud as yn Grinslân en Drinte. Dat leit oan it belied fan gemeenten en de provinsje. Dat seit de Noordelijke Regie Raad Bouw. Dy is ferline jier opset mei as doel om de relaasje tusken oerheden en bou-ûndernimmers te ferbetterjen.
Dat der minder hûzen boud wurde, komt omdat der te min boulokaasjes binne, tal fan projekten op slot sitte en de prosedueres fierstente lang rinne.