Gjin saken Amsterdam foar Hôf

15 feb 2006 - 09:15

It gerjochtshôf yn Ljouwert krijt folle minder wurk oerdroegen fan it parket yn Amsterdam as earder ôfpraat. It hôf soe yn twa jier tiid 750 saken út Amsterdam behannelje om dêr de achterstânnen fuort te wurkjen.

No't de twa jier hast oer binne, hat it parket yn Amsterdam bekend makke dat de lêste 75 saken der hielendal net mer komme. It Hôf yn Ljouwert set no útein mei it behanneljen fan heger beroppen fan it parket Swolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)