Selstraf foar taskerôver

15 feb 2006 - 06:06

Tsjin in 24-jierrige drugsferslaafde Ljouwerter is tiisdeitemoarn trije jier sel, wêrfan fjouwer moanne op betingst, easke fanwege taskesrôf. De man hat ferline jier alve froulju bestellen. Twa froulju rekken dêrby ferwûne.

De stellerij barde yn it sintrum fan 'e stêd. De man ride op in opfallende fyts wêrtroch't er lang om let oanhâlden wurde koe. Hy moat oan fjouwer slachtoffers mei-inoar goed 2700 euro betelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)