Nij: auto kin kantelje yn bocht

15 feb 2006 - 06:06

De Ljouwert sakeman Jan Riedstra stekt 3,7 miljoen euro yn in auto dy't kantelje kin yn bochten. In bedriuw yn Dordrecht is al jierren mei it idee dwaande. Mei it jild kin de auto no gau ek echt makke wurde. Dat kin no takom jier al, oars hie it wol in jier as fiif duorre.

Riedstra leaut yn de kantelauto dy't trije tsjillen hat. Hy is mei de inisjatyfnimmers yn kontakt kaam troch de rallys dy't er mei harren rydt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)