Kolleksje Cora de Groot feild

© Omrop Fryslân
By feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts wurde takom wike de 300 stikken fan keunstsamler Cora de Groot feild. Sy ferstoar oktober ferline jier yn Harns.
By har libben sammele De Groot wurken fan Fryske keunstners as Ids Wiersma, Bauke en Andries van der Sloot en Abe Gerlsma. Dêrneist kocht se ek faak wurk fan begjinnende keunstners om dy te stypjen by har karriêre. De opbringst komt yn in spesjaal fûns foar jonge keunstners.