Hearrenfean wol Breuer langer ha

14 feb 2006 - 16:35

SC Hearrenfean hat it kontrakt mei Michel Breuer ferlingd oan mids 2009. De ferdigener (25) makke yn 2004 de oerstap fan Excelsior nei de Fryske club. Hy tekene dêr oant de simmer fan 2007. Breuer is yn syn twadde seizoen op 't Fean basisspiler wurden.

De Feansters spylje woansdei de earste wedstriid yn de tredde ronde fan de UEFA-beker. Se komme dan yn eigen hûs út tsjin Steaua Boekarest út Roemenië.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)