Bambifilm net nei Ljouwert

14 feb 2006 - 16:22

Bioskopen yn Ljouwert komme yn aksje tsjin de wegering fan de Disneyfilm Bambi 2. De distributeur wol dat net, want se falle net ûnder it Pathé-konsern of de Jochems Theaters.

De Ljouwerter bioskopen fiele harren oerfallen troch it beslút, omdat se oars wol altyd de Disneyfilms draaie meie. Se beriede harren op stappen. Underwilens fiere se nije wike yn de krookjefekânsje aksje. Bern kinne dan foar heal jild nei de film yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)