Hege OZB yn Ljouwert

14 feb 2006 - 11:14

Ynwenners fan Ljouwert betelje in soad ûnreplik guodbelesting om't de gemeente hege kosten hat en lege grûnynkomsten. Dat hat bliken dien út ûndersyk yn opdracht fan 'e gemeenteried.

Om't der yn Ljouwert relatyf in soad minsken fan in bytsje jild libje, hat de gemeente dêr in soad kosten oan. Dêrby hat Ljouwert minder ynkomsten út grûnferkeap as fergelykbere oare stêden yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)