Baas wol listlûker bliuwe

14 feb 2006 - 10:15

Deputearre Baas is ek by de Provinsjale Steateferkiezings fan 2007 listlûker fan de VVD. De leden kinne oant maaie fan dit jier mei tsjinkandidaten komme. Baas is ek beskikber om noch fjouwer jier deputearre te bliuwen. Leden kinne dit jier foar it earst foar of tsjin de foardracht fan Baas stimme.

De fraksjefoarsitter fan de VVD yn de Steaten, Tine Bijstra, komt nei 2007 net werom as steatelid. Se fynt harsels mear geskikt foar in bestjoersfunksje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)