Kramer huldige op Medal Plaza

© Omrop Fryslân
Hy moast der in dei op wachtsje, mar Sven Kramer krige sneintejûn lang om let syn Olympyske medalje. De rider út Aldskoat krige syn sulverjen medalje op Medal Plaza omhongen troch IOC-lid Richard Carrion fan Puerto Rico.
It wie in feestlike happening yn it sintrum fan Torino. De Italiaan Enrico Fabris makke as earste Italiaanske medaljewinner in soad entûsjasme los by it publyk. De gouden medalje wie foar de Amerikaan Chad Hedrick.