De Jouwer spilet gelyk tsjin WKE

13 feb 2006 - 14:10

Yn de haadklasse fan sneinsfuotbal spile De Jouwer tsjin WKE út Emmen. It waard in 2-2 lykspul. Foar De Jouwer skoarden Karst Geertsma yn de earste helte en Edgar Antonides nei it skoft.

Snits spile yn Groesbeek tsjin de Treffers. De Snitsers ferlearen yn in prima wedstriid mei 2-1. It waard yn de 3e minút fan de wedstriid al 1-0 foar de Treffers. Luitzen Brink makke yn de earste helte de lykmakker. De Treffers makken der foar it skoft 2-1 fan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)