Dronken man hat wapen yn auto

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneon yn Appelskea in 33-jierrige man út Sint Pancras yn Noard-Hollân oanhâlden op fertinking fan wapenbesit, riden ûnder ynfloed en ferskate ferkearsoertredings. De plysje woe de man kontrolearje op de Bosberg om't er sûnder ljochten ried.
Doe't de man blaze moast, naaide er út. De man negearre stoptekens fan de plysje en moast klemriden wurde. Hy drige himsels yn it boarst te stekken. Uteinlik joech de man him dochs oer.