Frou ferwûne by ûngelok Ljouwert

13 feb 2006 - 09:19

By in ûngemak op de Planeteleane yn Ljouwert is snein in frou slim ferwûne rekke. De 27-jierrige frou út Ljouwert kaam fanôf de Vondelingwei doe't se troch noch ûnbekende oarsaak rjochts fan de dyk tsjin in beam ried.

De auto wie sa bot skansearre dat de brânwacht der oan te pas komme moast om har út de auto te krijen. Se is mei slimme ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De plysje sil noch ûndersykje wat krekt de oarsaak west hast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)