Hearrenfean wint fan Vitesse

© Omrop Fryslân
Sc Hearrenfean hie sneon in maklike jûn. Yn it eigen stadion waard mei 4-1 wûn fan Vitesse. De Arnhemmers kamen mei 0-1 foar mar Ugur Yildirim soarge noch foar rêst foar de 1-1. Fia goals yn de twadde helte fan Paul Bosvelt, Lasse Nilsson en noch in kear Yildirim makke de ploech fan Gert Jan Verbeek dien wurk.
Woansdeitejûn spilet Sc Hearrenfean foar de UEFA Cup thús tsjin Steaua Boekarest út Roemenië.