Man oanhâlden foar mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon in 33-jierrige man út De Gordyk oppakt. Hy soe in 39-jierrige doarpsgenoat mishannele ha. Dat wie by in grutte fjochtpartij yn de Haadstrjitte.
Doe't de plysje dêr oankaam, wie alles al foarby. It slachtoffer wie dêr noch wol en woe oanjefte dwaan. Op oanwizing fan tsjûgen is de fertochte oanhâlden. Wat de oanlieding foar de fjochterij wie, is noch ûnbekend.