Ferkearsûnfeiligens by Crystalic

© Omrop Fryslân
In groep ûndernimmers hat in brief stjoerd oan de Ljouwerter gemeenteriedsleden oer de berikberens fan bedriuwssammelgebou Crystalic. Fuotgongers kinne dêr net feilich oerstekke. De ferkearsljochten binne al wer read, as de fuotgongers noch mar healwei binne.
De berne-opfang yn Crystalic krijt dêr in soad klachten oer. De gemeente seit dat de rappe trochstream fan auto's de foarkar hat.