Earste Wâldrockacts bekendmakke

© Omrop Fryslân
It metal-iepenloft-festival Wâldrock yn Burgum hat de earste bands fêstlein foar it festival dat op 1 july fan dit jier holden wurdt. Y&T, Soulfly, Deicide en Motörhead binne de earste fjouwer bands dy't kontraktearre binne. Der moatte de kommende moannen noch sa'n 10 nammen by komme.
De foarferkeap fan it Wâldrockfestival begjint op sneon 25 febrewaris.