Romein per septimber poppoadium

© Omrop Fryslân
Teater Romein yn Ljouwert giet yn september iepen as poppoadium. It moast moast july ferline jier ticht omdat de gemeente der gjin jild mear yn stekke woe. De saak moat ferboud wurde en dêrfoar hopet de gemeente ek op stipe fan de provinsje.
Ta de nije opset as poppoadium is besletten tegearre mei de popakademy, de NHL en it Fryslân Kolleezje. De opbringst moat komme út konsertkaarten, hoareka en ferhier.