Kramer lottet Verheijen op 5 km

© Omrop Fryslân
Sven Kramer fan Aldskoat hat net sa geunstich lotte foar de 5 kilometer fan sneon, op de Olympyske Spelen yn Turijn. Fan 'e favoriten is hy ien fan de earsten dy't yn aksje komt en wol tsjin Carl Verheijen. It TVM-duorret rydt tsjin inoar yn 'e alfde rit.
Fuortendaliks nei Kramer en Verheijen komme Bob de Jong en Chad Hedrick yn aksje. Sy hawwe it grutte foardiel dat se harren rjochtsje kinne op 'e tiden fan Kramer en Verheijen.